Dirigint

 

Yn ús lêste nijsberjocht hat elkenien lêze kinnen dat BAO yn febrewaris 2011 ôfskie nimme moatten hat fan Johan de With as dirigint. Hy folge yn 1963 Marten Brouwer op, de grûnlizzer fan it orkest. Goed 48 jier laatte hy BAO op in tige profesjonele, besiele en enthousiaste wize. Gâns komposysjes en arranzjeminten binne fan syn hân. Hy levere in tige weardefolle en wichtige bydrage oan ‘e erkenning fan ‘e akkordeon as ynstremint.

Gelokkich: BAO bestiet noch hieltyd! Wy binne wakker op ’t snjit mei de komst fan Tim Fletcher, dy’t ús orkest in tal kearen dirigearre hat. Hy is muzikaal en enthousiast en der liket in prachtige gearwurking te ûntstean. Wy spylje besteand repertoir, mar wy binne ek dwaande mei nije stikken, ynbrocht troch Tim Fletcher. Boppedat hawwe der twa nije leden har oanmeld; in weardefolle oanfolling.

Om koart te gean: in posityf nijsberjocht! Troch dizze nije gearstalling litte de konserten dit seizoen noch even op har wachtsje. Of dochs noch, oan ‘e ein fan dit seizoen…? Wy hâlde jimme op ‘e hichte!


Ôfskie dirigint

Nei it súksesfolle konsert yn Wierum op 13 febrewaris l.l. waard de dêropfolgjende rippetysje fan 16 febrewaris oerskade troch de meidieling fan Johan de With dat hy fanwege redenen fan sûnens per direkt stopje soe as dirigent fan ús orkest. Dat wie in skok foar ús leden. Johan hie it bestjoer al earder ynljochte, mei de neidruklike winsk om dêr - om persoanlijke, emosjonele redenen - fierder foarlopich gjin ruchtberens oan te jaan. It bestjoer hat nei dizze bekendmakking in spesjale ledegearkomste belein op 2 maart l.l. 

Dêryn waard Johan in byldsje fan in dirigent (hoe kin it oars…) oanbean as wurdearring en tank foar syn hast 48 (!) jier dirigentskip. Yn goed oerliz waard dêrnei mei de leden it neifolgjende ôfsprutsen: 

It orkest giet oan it ein fan it rinnende seizoen ta troch sûnder nije dirigent, yn de wittenskip dat in 6-tal leden fertrekke sille, itsij fuortdaliks of wol oan it ein fan it seizoen. Sa namen wy fuort ôfskie fan bassist "fan de earste oere" Willem Molenbuur en fan Hotze Jelsma. Yn de rin fan de neamde perioade sil besjoen wurde oft en hoe’t it orkest mei yngong fan it kommende seizoen trochgean sil, as orkest of as ensemble, mei of sûnder (nije) dirigent. 

Útsoarte hâlde wy jo op ’e hichte fan de ûntjouwingen.


Moai konsert yn de Museumtsjerke fan Wierum

Snein 13 febrewaris l.l. joegen wy in konsert mei Christel van Bockxmeer yn de Museumtsjerke te Wierum. De tsjerke wie – letterlik – oan de nok ta fol mei in optein en deskundich publyk.
Hoewol’t it witten fan in CD-opname (foar eigen gebrûk) en de treflike akûstyk wol wat – positive – spanning fan gefolgen hiene by de leden, kinne wy dochs melde dat wy tige tefreden wêze kinne mei dat wat der presteard is.

Nei ôfrin wiene de "kritiken" fan de oanwêzigen tige loovjend en dat docht jin dan bisûnder goed. Benammen oer it mienskiplik optreden mei ús gastsjongeres wie men – betiden – lirysk! Stikken as "Panis angelicus" fan César Franck en "Träume" fan Richard Wagner waarden tige wurdearre, mei as topper it "Confitemini domino" fan Jacques Berthier. Wer oaren wiene it meast ûnder de yndruk fan de trije Grieg-lieten. 

 

Mar ek oer it ôfwikseljende programma út ús eigen rippertwaar wie men tige te sprekken. 

Yn dat ferbân waard gauris de fjouwerdielige "Ballett-Suite" fan Hans Brehme neamd, mar ek Hotze Jelsma’s "Fjouwer bylden" en de Makedonyske Suite nr.2. Al mei al in moai konsert, om mei nocht op werom te sjen.


Mear as 45 jier wie ús lid

Sietske van der Sluis

mei hert en siel ferbûn oan ús orkest, as soliste fan har partij. Oan it lêst ta bleau se belutsen by it orkest.
Har ynset, trou en grutte muzikaliteit bliuwe foar ús allegearre in foarbyld. Wy binne tankber foar alles wat Sietske foar ús betsjutten hat.

Ljouwert, 5 novimber 2010 Brouwer's Akkordeonorkest


Slotjûn yn it Abe Lenstra-stadion op it Hearrenfean

Woansdei 7 july 2010 wiene wy – ta ôfsluting fan it seizoen 2009-2010 – te gast yn it Abe Lenstra-stadion op it Hearrenfean. Mei een bliid sin stiene wy om in oere as healwei achten op it parkearterrein foar yngong A te wachtsjen op de dingen dy’t sûnder twivel komme soene… En ja hear, in úterst freonlike – en, nei’t letter bliken die, tige kundige – rûnlieder meldde him mei it fersyk him te folgjen yn de foar ús dochs wol ûnbekende wrâld fan in fuotbalstadion.

No, it moat sein wurde, it wie fantastysk! Net allinne de skyboxen, de klaaikeamers, de kafees en de bars en it museum mar, doe’t wy ienkear op it fjild sels oankaam wiene, ek it yndrukwekkende skouspul fan de – al wie it lege - tribunes (dêr’t je yn gedachten dochs in hysteryske mannichte supporters op waarnimme koene), koartsein de hiele entoeraazje die ús fersteld stean! En de deskundige taljochting, as hjirboppe al sein, tekene foar ús in hiel dúdlik byld fan de gong fan saken fan de organisaasje om in professionele fuotbalklub hinne. En dan kaam dêr noch in mear as treflik búffetdinee achteroan yn ien fan it (yn ús eagen) grutte tal restaurants ..... mmm, dat wie lekker!

In ôfsluting om jin te heugen, fan it seizoen 2009-2010! De fakânsje lokket, oant it kommende seizoen!


DAVERJEND AKKORDEONFEEST

Op snein 4 july 2010 spilen wy op it "feestje" fan Willem Molenbuur, 50 jier bassist fan ús orkest! Hy organisearre, tegearre mei ûnder oaren ús orkestlid Doety Peenstra, in daverjend akkordeonfeest yn syn wenplak Eastrum by Dokkum. Mei meiwurking fan oare orkesten (it Leeuwarder Accordeon Ensemble, it Leeuwarder Accordeonorkest, it Sneeker Accordeon Orkest, Akkordeonorkest FAME), gâns koren, lytse ensembles (w.û. Variabile en Remolino) en folksdûnsgroepen waard it lytse doarpke hast oerspield troch artysten en… in soad publyk! 

Seinige troch prachtich waar waard mei opteinens spile yn in tinte, yn de tsjerke, op it kafeeterras en by de tsjerkeyngong. By ús eigen konsert yn de tinte waarden wy bliid ferraske mei in "folle bak". Nei rûzing 200 opteine taskôgers wennen dit konsert by en letter, by de ôfsluting fan dizze prachtige dei doe’t der noch spile waard mei alle orkesten en koaren, soe dat oantal noch wolris tanaam wêze kinne.
Nei ôfrin fan ús eigen optreden huldige de foarsitter, mei út namme fan de NOVAM, de jubilaris en syn oarehelte. Al mei al in treflike ôfsluting fan ús konsertseizoen 2009-2010!


Freed 4 juny 2010 - Konsert harmonium + akkordeonorkest yn de Grutte Tsjerke te Harns

Freed 4 juny l.l. spilen wy de jûnes om acht oere yn’e mande mei de harmoaniumspiler Klaas Hoek yn de Grutte Tsjerke te Harns. Wy wiene útnoege om yn de sery Concerten Grote Kerk Harlingen de earste jûn te ferloftigjen mei in programma dat foar in part bestie út eigen rippertwaar (fan beide dielnimmers yn it konsertpartoer), mar dêr’t ek plak ynromme wie (nei in trijetal mienskiplike rippetysjes) foar meiïnoar spyljen mei Klaas Hoek. Ek wie der in stik ynstudearre troch in trio út kwartet Variabile, tegearre mei Klaas Hoek. De "Liber Tango" fan Astor Piazzolla waard mei faasje oer it fuotljocht brocht.


n 70-tal besikers koe dizze kombinaasjes wol wurdearje, sa’t wol bliken die út harren komst nei de tsjerke èn de steande ovaasje nei ôfrin. Mar ek foar de útfierende orkestleden en dirigint wie it in bisûnder barren. It wie op’t lêst de earste kear yn ús 55-jierrich bestean dat wy yn’e mande mei in harmoaniumspiler in konsert fersoargen. In spannende erfaring! Benammen ek omdat it sykjen nei in goede balâns by it meiïnoar spyljen yn de grutte tsjerkeromte wol eefkes wat tiid naam… Mar lokkigerwize gong dat hieltyd better en waard dit konsert ta in goed ein brocht. Nei ôfrin waard noch wiidweidich neikaarte, mei in bakje kofje of gleske wyn derby. Wa wit .......  kin soks nochris?

 


Sneintemiddei 24 jannewaris 2010 - Konsert yn De Skâns op’e Gordyk

Snein 24 jannnewaris l.l. spilen wy de middeis om 15.00 oere yn’e mande mei Vocaal Ensemble Lijn 12 yn Kultureel Sintrum de Skâns op’e Gordyk. Foar goed 100 besikers waard in noflik konsert fersoarge. Lijn 12 iepene it programma mei in sery spesifike lieten út harren rippertwaar. Dêrnei wie BAO oan bar om tegearre mei it koar in twatal songs fan Kenneth Ridge oer it fuotljocht te bringen. Foar it skoft spile BAO, allinne, drie dielen út de ‘Roemeense Suite’, dernei folge fan noch in trijetal stikken. Yn it skoft waard út en troch de opmerking heard dat it koar yn de gearwurking mei it orkest net goed te folgjen wie. 

Dêrom waard besletten om by de twa ôfslutende nûmers it koar foár it orkest te pleatsen en dat wie asnoch in ‘gouden greep’, hoe lestich ek foar dirigint en orkest. It opteine applaus nei ôfrin wie de direkte oanlieding foar in tajefte. En, sjoen it feit dat it mienskiplike konsert begûn wie mei it nûmer 'Snow', kaam dit slotliet as een ferrassing: 'The Rainy Day'. De waarsomstandichheden yn acht naam, hie in bettere kar yn it foar net betocht wurde kind… Al mei al in goed konsert dat tige wurdearre waard troch de oanwêzigen, en dat jout jin op’e weromreis altyd wer in foldien gefoel!



Sneintemiddei 13 desimber 2009 – Konsert yn de Museumtsjerke te Wierum

Snein 13 december l.l. spilen wy de middeis om 15.30 oere yn de Museumtsjerke te Wierum. In prachtige, gesellige en yntime lokaasje dêr’t de akoestyk fan grutte klasse wie, wat nei ôfrin oan ús dirigint de útspraak ûntlokke "dat hy hjir wolris in CD-opname meitsje wolle soe". It konsert sels wie dan ek foar ús gefoel fan in goede kwaliteit en dat makke de rit nei it hege noarden fan ús moaie provinsje mear as de muoite wurdich. Dat waard ûnderstreke troch de aardige reäksjes fan it – troch wat folle oare manifestaasjes spitigernôch net sa manmachtige – publyk nei ôfrin en yn’e rin fan it konsert. 

Benammen de Krystlieten waarden fol fjoer meisongen, bytiden sa fanatyk dat in foar de harkers ûnferwachte sesuur yn it arranzjemint as in folsleine ferrassing kaam. Mar dêrmei is ek tagelyk de ûntspande sfear tekene.
Wy – en hooplik de organisaasje ek – sjogge dan ek mei foldienens werom op dit – foar BAO earste – optreden yn Wierum.

 


Sneintemiddei 15 novimber 2009 – Konsert yn de Groate Kerk te Sint Jabik

Snein 15 novimber l.l. spilen wy de middeis om 15.30 oere yn de Groate Kerk fan Sint Jabik. Op dizze lokaasje is men wol wat wend wat it organisearjen fan konserten oangiet, dat seagen wy al by it ynkommen: de hiele tsjerkeflier wie ynrjochte mei taffeltsjes mei stuollen deromhinne, de mikrofoans foar in opname stiene klear, der wie – nei wat oanpassing – genôch ljocht op it grutte poadium en…. der kamen in soad minsken op dit konsert of. 

Op'e rûs sa'n 120 belangstellenden fulden de (tsjerke)seal en dat wie wat de akoestyk oangiet in seiniging… Wie by it ynspyljen de galm nochal steurend oanwêzich, by it konsert sels waard it lûd krekt op mjitte absorbearre troch de goed besette seal. En dat wie noflik spyljen. Mei gâns entûsjasme waard it dochs – út en troch - net altyd maklik yn it gehoar lizzende programma ûntfongen, wat laatte ta in steande ovaasje en – dus – in tajefte ta beslút. Wat ús betreft: dit joech in tige tefreden gefoel achterôf en… foar werhelling fetber!


Muzikale start fan in nij seizoen kofjekonserten yn it Antonius

By it oanbrekken fan de hjerst organisearre de Stichting Antonius Plus snein 11 oktober 2009 it earste konsert fan in nije syklus. In kofjekonsert yn de grutte sintrale hal fan it sikenhûs, mei in grut tal besikers. Ynklusyf de pasjinten dy't fan de sikenkeamers út fia de tv-ferbining fan it konsert genietsje koene sille der dochs wis wol sa'n trijehûndert belangstellenden en muzykleafhawwers west hawwe.

Foar de fjirde kear fersoarge Brouwer's Akkordeonorkest in optreden, diskear yn'e mande mei Vocaal Ensemble Lijn 12. Ûnder de besieljende lieding fan Sjoek Nutma waard in breed skala hearre litten: it tradisjonele "Confitemini Domino", in twatal echte spirituals, in ûnferfalske Súd-Afrikaansk liet en sels in liet yn de tradisjonele Maori-taal. Mei dizze lieten waard in demonstraasje jûn fan it kinnen fan dit koar, wêrby't ek de soliste blyk joech fan in grut ynlibbingsfermogen en oer in sterke stim beskikte.

Hjirnei wie "ús bekende" akkordeonorkest oan bar.
Wa't by sa'n orkest tinkt oan de min ofte mear platwâde paden fan de akkordeonmuzyk, fynt by dit orkest in folslein oar rippertwaar en hiel oare muzyk werom. It yntusken al mear as 54 jier âlde ensemble, sûnder twivel yn de rin fan de jierren oanfolle mei muzikanten út de hiele provinsje, spilet safolle mooglik orizjinele muzyk. Dit allegear sûnder elektroanika of slachwurk. It orkest blinkt benammen út yn de ynbannige stikken, 
lykas yn de "Irische Suite" de dielen Prelude en Air. Mar as dan de tradysjonele dûnsen as Reel en Jig oan'e oarder komme wurdt mei in sterk ritme en grutte dissipline in útnoegjend dûnsmuzykje prissentearre.

Ek yn de Roemeense Suite wurdt de ferstilde, ynbannige muzyk ôfwiksele mei fleurige dielen, yn in strak tempo spile en suver fan klank.
Nochris, wa't by akkordeon tinkt oan de Three Jacksons fan eartiids, blykt it mis te hawwen mar kin wol fan in prima ynterpretaasje genietsje.

Yn it tredde part fan it konsert waard in twatal stikken brocht tegearre mei it koar. De arranzjeminten fan de dirigint fan BAO, Johan de With, joegen in soad romte oan sawol it koar as it orkest om, binne de harmoanyske klanken fan it gehiel, in goed byld te jaan fan it kinnen fan wjerskanten. Yn it, ûnder grut applaus fan it publyk, hast ôftwongen tajefte, waard op dizze yntusken droege en benei sinnige dei, it nûmer "The Rainy Day" spile. Komselden hat it sa swietlûdich reind .....

In prima iepening fan it konsertseizoen yn de sintrale hal. Sa súntsjesoan giet it al yn de rjochting fan 50 konserten en, sjoen it manmachtige publyk, is der ferlet fan de losse sfear wêryn't de ferskate rezjonale talinten harren kinnen oer it sprekwurdlike fuotljocht bringe. Tank oan de útfierende muzikanten, de diriginten en al dejingen dy't dizze konserten mooglik meitsje.

Stef Verburgh

 


Sneintemiddei 4 oktober 2009 - Konsert yn de Wite Tsjerke op'e Himrik
Snein 4 oktober l.l. spilen wy de middeis om 15.00 oere yn de Himrik, yn de Wite Tsjerke. In bytsje ûntrêdden troch de ôfwêzigen fanwege sykte fan twa leden (wêrûnder ús "fêste" soliste Simone) setten wy fol goede moed útein mei in - achternei besjoen - tige noflik en goed slagge konsert. De solopartijen waarden goed waarnaam troch Hotze en Wieke en de sfear wie treflik, ek by de likernôch 70 harkers. 

It lytse tsjerkje bea eins ek gjin plak oan mear .....  Mar, it applaus nei ôfrin wie woldiedich en de ferkeap fan ús CD's yn it skoft en neitiid wie ridlik te neamen. De reäksjes op in dochs wol - hjir en dêr - 'swier' programma wiene entûsiast. In freonlike dame wie tige bliid dat se dit konsert bywenne hie, omdat se no ûntdutsen hie dat ús akkordeonspyljen dochs wol wat "oars" wie as de bytiden, yn har sicht, wat al te koartswilige, populêre muzyk fan in 'lûkoargel' .......  Al mei al in konsert dêr't wy op ús reis nei hûs in goed en tefreden gefoel oan oerholden.


SKITTERJEND SLOTAKKOARD! 

Op 1 july l.l. waard it seizoen ôfsletten mei in boattocht mei it  ms "Grou" oer de prachtige Fryske wetters. Seinige mei útsocht waar foar san aktiviteit gong de boat om 19.35 oere de Grouster Hellingshaven út (hoe soe it ek oars kinne...) mei 22 leden, 1 dirigint + 1 "gaste" yn de persoan fan ús nije lid Annemarieke v.d. Ploeg.

Sy sil fan it kommende seizoen ôf ús ploech fersterkje. It wie noflik toevjen op it boppedek en aldergeloks stie der op it wetter dochs noch in fris wyntsje. Fia de Pikmar, de Wide Ie, de Kromme Ee, Earnewâld, Trijehûs en werom nei Grou wie der in skoandere rûte útstippele troch skipper Kees, en sa wiene de 3 oeren farren eins "yn in sucht" foarby. Want ûnder it farren koene wy ek noch genietsje fan in treflik tapas-buffet, foarôfgien troch in kop hearlik mostersop. En útsoarte wiene de (fris)drankjes en it bakje kofje nei ek net te verspijen....  Dus: ien en al tefredenheid by it weromkommen by de oanlizsteger; en sa gie in elk syn/har wei wer, nei't wy elkoar een goeie fakânsje tawinske hiene. Al mei al: een prachtich slotakkoard fan seizoen 2008-2009!!


Sneontemiddei 28 febrewaris 2009, Konsert yn de Oosterpoort te Grins

Sneon 28 febrewaris l.l. waard yn de Oosterpoort te Grins it akkordeonfestival "Frisse Wind" organisearre, yn it ramt fan "Accordeonslag". Ús orkest waard fereare mei in útnoeging om hjir op te treden. Dêrby wiene wy yn goed selskip wat de orkesten oangiet: it NJAO (Nederlands Jeugd Accordeon Orkest) û.l.f. Marc Belder en it NAE (Nederlands Accordeon Ensemble) joegen ek acte de présence.

Om 13.00 oere sette it NJAO útein mei in noflik yn it gehoar lizzend program (mei as slútstik it nûmer dat Marco Borsato sa bekind makke: 'Dromen zijn bedrog'). Om 15.00 oere wiene wy oan bar. No, dat wie yn earste ynstânsje "efkes wenne". It lûd "fleach" alle kanten út yn de hege - mar lokkigerwiis aardich folle - seal en it wie dus net maklik om de oare partijen te folgjen. En dat joech dochs wat ûnwissens yn ús selskip. Ta gelok koene wy, tanksij ús erfaring en troch de attinte lieding fan de dirigint, al ridlik gau de tried oppakke. 

Ús program wie foar de echte leafhawwer werkenber en dat die ek bliken út de reäksjes nei ôfrin. Allinne posityf  aldergeloks, men hie benammen genoaten fan ús spesjaliteit: de Slavyske stikken, lykas de dielen út de Makedonyske Suite en de Roemeenske Suite. 50 minuten letter wie it "dien" en koene wy mei in goed gefoel weromsjen op dit konsert mei in hege "PR"-wearde!


Sneintemiddei 11 jannewaris 2009, Konsert Oentsjerk

Snein 11 jannewaris  l.l. fersoarge ús orkest de middeis om 14.30 oere it jierlikse konsert yn it Skewiel te Oentsjerk foar de omwenjenden fan de lokaasje fan ús rippetysjelokaal en oare belangstellenden. De seal wie goed fol en de sfear tige by tige. Dus wie der sprake fan in ûntspannen sitewaasje, net allinne foar de taskôgers mar wis ek foar de orkestleden en de dirigint. It programma bestie út in representative kar út ús rippertwaar en dat waard troch de oanwêzigen dúdlik tige wurdearre, want ûnder it spyljen wie it mûskestil yn'e seal en út it applaus nei ôfrin mocht bliken dwaan dat der mei nocht harke en sjoen wie nei de "útfiering". Al mei al in noflik konsert foar it orkest en grif foar herhelling fetber. Dus, wa wit, oant takomm' jier!


Suksesfol dûbelkonsert akkordeons en fokaal ensemble. 


Snits.

 

Brouwer's Akkordeonorkest brocht sneintemiddei 16 novimber 2008 yn de Sudertsjerke yn in konsert yn'e mande mei Vocaal Ensemble Lijn 12 in boeiende útfiering oer it fuotljocht. Dèr't akkordeonkonserten benammen leafhawwers oansprekke, is de oanfolling mei in koar foar in breder publyk wis de muoite wurdich. De âfwikseling by de gearwurking jout in breder muzikaal ferskaat en boeit troch de libbene, hjoeddeiske presentaasje fan it ensemble, foaral ek fan de dynamyske dirigint Sjoek Nutma. Ferraskjend wie de iepening doe't de leden fan it ensemble, ien-foar-ien út it publyk dangeljend, fokaal de spiritual "Go down the valley and pray" opbouden, mei glèssuvere toanen, fersterke troch de goede akoestyk. De sonoare baspartij makke de fibraasje fielber. De spirituals waarden troch de manmachtige besikers mei een daverjend applaus leanne. 

Dirigint Johan de With presentearre Brouwer's Akkordeonorkest en lykas altyd wie it programma meislepend, fan rèstige komposysjes oant it opswypkjende ritme fan de "Roemeense Suite" mei in firtuoaze solistyske fertolking fan Simone Colicchia. 


Ek de mienskiplik útfierde nûmers, lykas "The Rainy Day", "Snow" en "The Lamb" fan Longfellow / Riggs wýnen gâns sukses, wèrby't de opstelling fan it koar achter it orkest in goede lûdsmiks oplevere. De beide Fryske musikantegroepen waarden beleanne mei in steande ovaasje foar de yntusken alwer tredde mienskiplike útfiering. Dizze súksesrike formule sil nei alle gedachten yn de neibije takomst noch wol ris werhelle wurde. 


Ton van den Berg.


 

Twa konserten, twa lokaasjes, twa erfaringen.


Yn de ôfrûne dagen konsertearre B.A.O. twa kear: snein 21 oktober 2007 fersoargen wy de middeis in folslein konsert yn "De Skâns" op'e Gordyk, op woansdeitejûn 24 oktober in "heal" konsert yn de Menniste Tsjerke te Snits. Dit lêste wie in kombinearre optreden mei Vjátsheslav Semjínov, de bekende bayanist út Ruslân, en syn frou Natálja Semjínova (domra). 


It konsert op'e Gordyk luts in folle seal: sa'n 120 gasten. It programma wie pittich, sawol foar de orkestleden as foar de tahearders. De wat mankelike, mar foar de leafhawwer o sa moaie dielen út Cholminov's "Sjoeíta" ("Pjesnja" en "Noktjoern") waarden ûnder oaren âfwiksele mei dielen út de boartlike komposysje "Südlich der Alpen" fan Ernst Fischer, te witten "Terrasse am Meer" en "Tarantella", en it gefoelige, nije nûmer - in première - "O waly, waly", in bewurking fan orkestlid Wieke Hofstra. 


Sjoen de reàksjes ûnder it publyk yn it skoft wie noch net elkenien folslein taret op dit soarte "serieuze" akkordeonmuzyk. In inkeling makke opmerkingen as "te swier", mar it grutste part fan de oanwêzigen hie in bulte wurdearring foar de oanbeane kar. Nei it skoft wie elkenien wend, en nei de Tarantella waard sels lang applaudissearre. En elk bleau mûskestil en mei grutte oandacht sitten te harkjen, ek doe't it lêste stik klonken hie en it applaus ferstomme wie. Dat laatte ta wat betizing oer it wol of net úfieren fan in tajefte.


Mar doe't dy dochs spile waard kaam der in steande ovaasje! In konsert om tefreden op werom te sjen. Ek de ferkeap fan ús CD's wie boppe ferwachting. Hiel oars wie it yn Snits. It tal besikers wie gâns minder (likernôch 60 persoanen) mar hjir wiene in soad echte leafhawwers en supporters oanwêzich. It stoarmige applaus nei bygelyks nûmers as de "Israélyske Suite", "Tarantella" en de "Makedonyske Suite nr. 2" joech de orkestleden in goed gefoel en de dirigent seach him fanwegens it oanhâldende applaus sels needsake om dochs in tajefte te jaan (wat foar in pear leden ta lichte panyk laatte omdat men dêr gjin rekken mei hâlden hie, sa foar it skoft) Mar aldergeloks, it "by elkoar sjen" wurke en sa koe ek it opwinende "Makazice" it publyk ta opteine byfal ferliede. 


Nei it skoft folge in optreden fan de Russyske bayanist Semjínov. Hy begûn solistysk, mei inkele nije moderne komposysjes fan eigen hân, ûnder mear twa koarte meditaasjes en twa dielen út in Divertimento. Dêrnei spile er tegearre mei syn frou Natálja, dy't de domra bespilet (in Russysk tokkelynstrumint, besibbe oan de hjir mear bekende balalaika), in tal tige oansprekkende en mei in soad gefoel en firtuoasiteit útfierde stikken. Benammen de Russyske wurkjes giene rjocht nei it hert. 


Mar ek dy út oare lânnen (Spanje, Amearika) waarden, hoewol as altyd op tige Russyske wize spile, meislepend útfierd. It gehiel laatte ta trije tajeften! Ek de de middeis hâlden "masterclass" foar jonge (mar wol foardere) akkordeonisten wie in grut súkses: strang ("omdât de muzyk dat freget"!), mar freonlik en uterst learsum, sawol foar de dielnimmers as foar it publyk. 


 

MUZIKALE FIERING HOULIKSJUBILEUM FOARSITTER BAO.


Sneintemiddei 24 juny l.l. wie de Bonifatiuskapel yn Dokkum it dekor dèr't op muzikale wize it fjirtichjierrige houlik fan de foarsitter fan BAO, Willem Molenbuur mei syn Thea, yn fierd waard. It grutte tal gasten wjerstiene it buiïge waar en dêr hawwe se, sa sein, gjin spyt fan hân. Want dûnsgroep Grietine Dûns fan (sus) Grietine Molenbuur, Vocaal Ensemble Lijn 12 fan dirigint Sjoek Nutma en Brouwer's Akkordeonorkest û.l.f. 


Johan de With makken der in echt kultureel feest fan. De choreografy yn it dûnsstik "Silhouetten" waard prachtich ynpast by de ûntfangst fan de gasten. De oergang nei de klanken fan it orkest mei Arvo Pårt's "Fratres" wie hast "sereen" te neamen. Ek komposysjes as "Ôfskie fan de nonnen" (fan orkestlid Hotze Jelsma), "Terrasse am Meer" (Fischer) en "Pjesnja" (Cholminov) lienden har by útstek foar it - yn earsten - meditative karakter fan dit konsert. 


Úteinlik waard der útbundich - en dus feestlik - âfsletten mei in pear dielen út de Makedonyske Suite Nr.2 en "Mayim" út de twadde Israélyske Suite. Tuskentroch song it Fokaal Ensemble mei pianobegelieding of a capella, betiden mei in útsochte choreografy, in pear orizjinele nûmers út syn rippertwaar. Benammen by de oarspronklike Maori-lieten (sa as "Hine e hine") en de swingende negro-spirituals koe men it publyk genietsjen sjen. 


Ek it optreden yn'e mande mei BAO yn (tige tapaslik) "The Rainy Day" (Riggs) wie in hichtepunt fan dit bisûndere barren. De tankbere gasten koene nei ôfrin noch neigenietsje fan in treflik bufet. De dielnimmende groepen en it jubilearjende echtpear sjogge met gâns nocht werom op dizze "happening". 


 

UNYK KONSERT BY "DE ACCORDEONSLAG" YN DE HARMONIE TE LJOUWERT.


Op 16 maart lèstendeis spilen Brouwer's Akkordeonorkest en it Leeuwarder Accordeon Ensemble meiinoar yn de Harmonie te Ljouwert, tidens it jûnfoljende programma "De Accordeonslag". In frij unyk barren yn it bestean fan beide orkesten. Ommers, dêr't it LAE him altyd manifestearre as "konkoers-orkest", waard dat aspect yn de akkordeonwrâld troch BAO fan begjin oan mijd. 


Fangefolgen dat bygelyks de rippertwaarkar fan beide orkesten wêzentlik útinoar rûn en der yn it begjin dochs wol sprutsen wurde koe fan in wisse rivaliteit tusken de beide top-akkordeonorkesten fan Fryslân. Fan sa'n rivaliteit wie by it mienskiplik optreden (lyk as by in soartgelikens barren alve jier lyn) neat te bespeuren. Ûnder de besieljende lieding fan Tim Fletcher (LAE) waarden in yn ridlik (mei kenners) folle Friesland-Bank-seal op in wol hiel let oere twa muzikaal heechsteande wurken oer it fuotljocht brocht, te witten "Musik für doppelchocircriges Akkordeon-Orchester und Schlagwerk" (foar twa akkordeonorkesten) fan Paul Kühmstedt en "Balkan-Impression" fan Gerhard Mohr. 


De oanwèzigen wiene blykber ûnder de yndruk, want der waard mei ynhâlden siken harken nei de net sa maklike muzyk fan benammen Kühmstedt. Dat beide orkesten yn frij koarte tiid ta in sadanich mienskiplik spyljen komme koene mei ferraskjend neamd wurde. Oan de spilers sels wie ek goed te sjen dat men nocht hie oan dizze "eksersysje". Dat die ek bliken yn de bydragen fan beide orkesten apart, dy't elk noch twa nûmers út it eigen rippertwaar hearre lieten: grutte klasse! De beleanning wie in daverjend applaus fan in goed publyk. 


It soe ús net fernuverje as wy yn de (neiste?) takomst noch wol ris in kombinearre optreden fan dizze twaorkesten yn'e mjitte sjen kinne.


 

TIGE SLAGGE SNEINTEMIDDEISKONSERT YN DE RINKELBOM OP IT HEARRENFEAN.


Op 18 febrewaris l.l. spile Brouwer's Akkordeonorkest yn De Rinkelbom op it Hearrenfean. In ridlik folle seale koe genietsje fan in tige slagge sneintemiddeiskonsert. It orkest brocht û.l.f. dirigint Johan de With in program mei gâns ferskaat, fan Arvo Pårt ("Fratres", mei fioeliste Lysette Lever) oant "The Rainy Day" fan Kenneth Riggs, wat troch it opteine (kenners-)publyk tige op priis steld waard. 


Deastil waard der harke nei û.o. de weemoedige jûnsprelude "Wjetsjérnaja preljóedia" fan Vládislav Zolotarjów en de bliere, tradisjonele "Bulgaarske Suite" yn in arranzjemint fan de dirigint. Nei it skoft wiene it sfearfolle "Terrasse am Meer" fan Ernst Fischer en it steatlike "Vor einer alten Kirche" fan Friedrich Haag de muzikale hichtepunten. 


It ovasjonele applaus twong ús (net al te goed by't spul wêzende) dirigint ta in tajefte. It firtuoaze "Moldoveniaska" (in Moldavyske folksdûns) wie in tige wurdearre "útsmiter". In konsert om mei in soad nocht op werom te sjen. 


 

In prima konsert op sneintemoarn.


Snein 29 oktober ll. wie de sintrale hal wer goed fol mei muzykleafhawwers en belangstellenden foar it sneintemoarnskonsert. Brouwer's Akkordeonorkest wie "op werhelling" mei in, foar ús publyk, alhiel nij program. Earder yn de rige wie it optreden al súksesfol en ek no wer wie it publiek optein. Yn de fyftich- en sechstiger jierren wiene der ferskate akkordeonorkesten yn Fryslân. Yntusken is dat oantal úttinne ta twa echt wichtige orkesten dêr't Brouwer's ien fan is. 


De kwaliteit fan it orkest is dan ek bisûnder. De stikken dy't spile wurde lige der beslist net om. Dirigint Johan de With is in autoriteit op it mûd fan de akkordeonmuzyk en hat de wyn der wol ûnder. De dissipline is grut en benammen yn de stadige stikken dúdlik oantoanber. Yn de rappere nûmers, dy't makliker yn it gehoar lizze, is de muzikanten wat mear "frijheid" gund. Hjir spat dan ek de enerzjy en it entósiasme fan de útfierenden fan ôf. Ûnder it publyk wie dat ek merkber yn it ritmysk meibewegen fan hannen en fuotten. 


Ferskaat yn rippertwaar.


De iepening fan it konsert mei "Neapolitanisches Ständchen" wie licht en fleurich. It stik sketst in muzikant dy't ûnder it balkon fan syn leafste in muzykje hearre lit yn'e hope har hert te feroverjen. Dat slagge yn alle gefallen mei it publyk dûdlik. Yn de stikken mei in dúdlik East-Europeeske ynslach is it orkest op syn bêst. Werkenber is de bytiden fleurige, bytiden swiermoedige folksmuzyk. Lannen as Bulgarije, it eardere Joegoslavië en Makedoanië kenne in rike tradysje op dit míd en hawwe in muzykskiednis dy't prima yn it gehoar leit. 


Opfallend is dat yn de stikken gauris famkes sintraal steane. "Kom, swarteagich famke", "Janitsa", in stik mei in frou út Vranje as tema en de fraach fan in famke wat se de mûnder jaan moat om har graan meald te krijen. Somtiids hiel leave muzykstikjes, somtiids opswypkjend yn it dûnsritme. Mar altyd lekker om nei te harkjen en moai útfierd. De stikken "The Rainy Day" en it twadde part fan "Boardwalk" wiene benammen de stadige dielen fan it rippertwaar. 


Minder maklik te beharkjen mar fol sfear en almeast knap spile. It applaus fan it publyk liet dúdlik fernimme dat it konsert goed oerkaam. De dirigint kaam der grif better òf as syn (hast) namgenoat dy't destiids troch it folk ombrocht waard. Hjir wûn er allinne mar byfal.It is altyd wer nijsgjirrich om te sjen dat amateur-musisi mei safolle ynset en entósiasme ta in treflik nivo fan musisearjen komme kinne.


It wie in prima ôflevering yn de rige fan konserten op sneintemoarn. Mei tank sij it orkest en al dyjingen dy't har hieltyd wer ynspanne om de saken ta te rieden en te regeljen bliuwe dizze sneintemoarnskonserten in goede saak foar Antonius Plus. SV Bron: Antoniuscoop 


 

Brouwer's Akkordeonorkest en Vocaal Ensemble Lijn 12 fersoargje in slagge dûbelkonsert.


Snein 24 septimber 2006 konsertearren beide ensembles (û.l.f. Johan de With en Sjoek Nutma) yn de Fermanje te Dokkum. Foar in ridlik folle tsjerke waard foar it earst de kombinaasje fan dizze twa dochs wol útienrinnende genres ta útfiering brocht. De kontrastearjende rippertwaren waarden oan elkoar smeid ta in noflike oardel oere muzyk "fan de boppeste planke". 


It opteine publyk genoat tige fan de individuele ûnderdielen mar net yn it leste plak ek fan de kombinaasjestikken. Benammen de seleksje út de opera "Porgy and Bess" fan de Gershwins en de wat minder bekende nûmers "The Rainy Day" en "On a Clear Day" wiene likefolle ferrassings fan ûnferwachte gearwurking tusken dizze twa groepen. 


De beheinde mar wol gesellige entoeraazje fan in frij lytse spylromte waard dêrby net as in beswier ûnderfûn. De réaksjes nei ôfrin wiene navenant: "Geweldich" en "Dit moat al ris faker". Wa wit? It folgjende konsert fan BAO hat west op 29 oktober 2006, yn de hal fan it Antonius Sikehûs te Snits.


 

BAO slút jubileumjier ôf mei twa konserten yn Dútslân.


Brouwer's Akkordeonorkest hat it jubileumjier (fanwegens it 50-jierrich bestean) ferline hjerst ôfsluten mei in konsertreis fan fjouwer dagen nei Dútslân. In part fan de hjerstfakânsje waard brûkt foar in pear noflike dagen oan'e Moezel. Seinige troch útsocht moai waar waard in toeristysk program ôfwurke. It wichtichste doel lykwols wiene de beide konserten dy't jân wurde soene. 


Tongersdei 27 oktober (2005) waard in jûnfoljend konsert fersoarge yn de Kursaal fan it lúkse Kurort Bad Bertrich. De seal rûn fol mei sa'n 120 besikers. It konsert, mei sokke ferskillige stikken as Hans Brehme's Ballett-Suite, Friedrich Haag's "Vor einer alten Kirche", Hotze Jelsma's Tango Nuevo, twa stikken fan Vladislav Zolotarjów en in Makedonyske Dûnssuite waard troch de op dit mîd bedoarne, mar dúdlik net mei ditsoarte (akkordeon)muzyk bekende konsertgongers mei stigende opteinens ferwolkomme, sa't al út ferskate opmerkings yn it skoft bliken die. 


Fangefolgen waard in tal jubileum-CD's ferkocht en folge in útnoeging fan de organisaasje om takomme jier wer in konsert yn dizze mondène kuuroarde te fersoargjen. Op de ôfreisdei (snein) waard yn Haus Christoffel yn Ediger noch in ynformeel Kaffeekonsert jûn (dèr't oars gjin kofje skonken waard, mar wat wol men ek yn dizze wynkontrijen?) It no wat lichtere program, mei ûnder oaren muzyk fan Aleksander Cholminov, en de ûntspande sfear sprutsen de likernôch 80 tahearders tige oan, wat ek hjir fan dy gefolgen wie dat in twadde kear op termyn ta de mooglikheden heart. 


Dirigint en leden kinne mei foldwaning weromsjen op in slagge "Dúts aventoer".