Tradysjes as: gjin elektroanika, gjin slachwurk, sa folle mooglik orizjinele muzyk, "klassyk-akkordeonorkest" wurk neist folksmuzyk, binne bewarre bleaun. Muzyk út it oan akkordeon-muzyk sa rike Noard- en East-Europa is mei entûsiasme ferwolkomme, en gâns arranzjeminten en komposysjes spesiaal foar dit orkest seagen it ljocht, net allinne fan de hân fan de dirigint en oare orkestleden (benammen Hotze Jelsma) mar ek fan oare komponisten (û.o. Jan Masséus en Gerard Ammerlaan).
Konserten binne en wurde jûn, foaral yn Fryslân, mar ek yn oare Nederlânske provinsjes en yn it bûtenlân (Italië, Dútslân).
Gearwurking mei oare ynstruminten hat ynspirearjend wurke (fan it oan dit orkest opdroegen "Concertino voor dwarsfluit en accordeonorkest" fan Jan Masséus oant in mienskiplike plaatopname mei de folkgroep Irolt), lykas twa produksjes tegearre mei de dûnsgroep Duende in útfiering fan "Sân" yn it Haarlimske Concertgebouw, as fertsjintwurdiging fan Fryslân op de Manifestatie Nederlandse Muziek 1986 wie dêryn in hichtepunt. Ek treedt BAO regelmjittich op as begelieding fan koar- of solosang (û.o. mei de Sneker Cantorij), en mei fioelesolo. Yn 2004 waard foar it earst gearwurke mei in brassband (De Bazuin Oentsjerk).
Nei in fiiftal platen binne oant no ta sân CD's ferskynd dèr't it orkest, allinne of tegearre mei oare musisi, op te hearren is ien mei as tema: folksmuzyksuites, ien mei Fryske fokale muzyk tegearre mei it Mingd Koar Grou, ien yn gearwurking mei Irolt, ien mei akkordeonmuzyk fan Jacob de Haan, ien mei muzyk útjân by De Haske en yn april 2005 in dûbel-CD ("50 jier Brouwer's Akkordeonorkest") mei in seleksje út fiif desennia skiednis en rippertwaar yn ferbân mei it gouden jubileum fan it orkest.
|
De oprjochter
Marten Brouwer waard berne op 26 septimber 1915 as soan fan in skútsje-skipper. Oant syn 12e jier ta kaam er syn skoalplicht nei, om dèrnei oan it wurk setten te wurden oan board fan heite skútsje. Op syn 18e waard er siik, en yn'e rin fan ien jier fan wer betterwurden learde er himsels it akkordeonspyljen oan. Dèrmei fermakke er syn doarpsgenoaten yn Gytsjerk, dêr't er him yntiid nei wenjen set hie. Pakt troch it ynstrumint en mei it ynsjoch, dat it akkordeon méar betsjutte as in skippers-klavier, in "folks"ynstrumint dus, ferkocht er syn fyts en tôgde him in nije akkordeon oan. Ûnderwilens wied er úteinset mei in brânje- en oaljehannel en bestege er syn frije oerkes oan it yn'e macht krijen fan it akkordeon.
Yn 1939 troude er en begûn mei lesjaan oan ien learling mar al ridlik gau groeide dat oantal en dat laatte lang om let ta de oprjochting fan in akkordeonskoalle (letter mei oare ynstruminten oanfolle ta muzykskoalle), en fan "Brouwer's AkkordeonClub" (BAC) yn 1946. Yntusken wreide syn muzykskoalle him út mei fèstigingen,ferspraat oer de hiele provinsje Fryslân, naam it learlingetal al mar ta en waarden hieltyd mear lesjouwers oansteld. Nei ferrin fan tiid waarden ûnder syn besieljende lieding syn bêste orkestleden en útblinkende learlingen út alle wynstreken fan de provinsje selektearre foar de oprjochting, yn begjin maaie 1955, fan it "Skoalleorkest fan Brouwer's Muzykskoalle".
Op 8 maaie 1963 rekke Marten Brouwer wei. By syn ferstjerren droech er de lieding fan it orkest oer oan de hjoeddeiske dirigint, Johan de With. It orkest waard, mei it opgean fan de ferskate âfdielingen fan Brouwer syn skoalle yn de oanbelangjende gemeentelike muzykskoallen, omdope ta "Brouwer's AkkordeonOrkest" (BAO). |