|
Dirigint
Tim Fletcher waard yn 1973 yn Amsterdam berne. Oan it Rotterdams konservatoarium die hy de oplieding dosearjend musikus,
akkordeon.Hy studearre orkestdireksje by Arie van Beek, Daan Admiraal en Jos van der Sijde.
Yn de selde perioade naam hy privélessen by Jac Willems. Hy helle syn diploma HaFaBra-dirigint by Alex Schillings en
Arnold Span.
Tim Fletcher is dirigint fan meardere orkesten. Fan 2010 ôf is hy dirigint fan in profesjoneel ensemble, neamd STRACC. Dit
ensemble bestiet út 9 strikers en 5 akkordeons. Hy hat foar dit ensemble kontakt mei ferneamde komponisten lykas Florian
Maier,Anke Brouwer, Joost Kleppe, Kate Moore, Reza Namavar, Ana Mihajlovic en Bernard van Beurden.
It akkordeonorkest REL waard troch him oprjochte. Dit is in projektorkest mei 35 spilers út it hiele lân dy’t ien kear yn‘e moanne repetearje. Op inisjatyf fan Tim Fletcher is hjirút it REL-festival ûntstien, in stylfol festival wêr’t ûnderskate
akkordeonorkesten de kâns krije om te spyljen. Orkestleden kinne inoar moetsje om ynspiraasje op te dwaan en fan inoar te
learen. Hy organisearre tidens it REL-festival op 5 novimber 2011 in masterclass, wêr’t it strykkwartet ‘EnAccord’ in demonstraasje
joech oer toanfoarming, artikulaasje en klank.
Tim Fletcher dirigeart ûnder oare it A- en B-orkest fan RAC yn Bennekom, akkordeonferiening KNA út Goor, it A-orkest
fan it Leeuwarder Accordeon Ensemble en it lyts ensemble fan akkordeonferiening Haganum út Den Haag.
Neist syn wurk as dirigint is er akkordeondosint fan privé-learlingen. Hy spilet sels as bandoneonist yn it Piazzo Ensemble.
|