|
In "histoaryske" CD
De by it gouden jubileum fan BAO ferskynde dûbel-CD hat as doel in lyts oersjoch te jaan fan de fyftich jier dat BAO no bestien hat. It grutste part fan de opnamen is net bedoeld west om op CD ferivige te wurden. Wy koene yn 1955 noch net iens witte dat sa'n fenomeen der ea komme soe. De betiden mei amateuristyske bânopnimmers makke registraasjes fan radio-útstjoerings, of, noch slimmer, mei eigen mikrofoan, kinne dan ek net foldwaan oan hjoeddeiske kwaliteitseasken. De betide opnamen binne fansels allegearre noch mono ek de ûntfangst fia de radio wurdt betiden fersteurd troch heal weifallen fan de sinder, geknetter as gefolch fan foarbykommende brommers, en oare steurlûden. Boppedat binne de opnamen faak wat dof en is der gauris wat folle rûs, ek yn de plaatopnamen. Ek it orkest sels, foar it neijier fan 1963 noch sûnder eigen ynstruminten, makket hjir en dèr wat ekstra lûden, sa as registerklikken en sa mear. En fansels: it akkordeonlûd "sweeft" in stik mear as hjoeddedei gebrûklik. Soms komme de ynterpretaasjes sels jin ek wat datearre oer of is te merken dat it in live-opname is, oan lytse spylflaterkes. Mar it heart allegear by ús skiednis, en dat is, mei alle soms nostalgyske gefoelens dêrby, wat wy hjir hearre litte woenen. Fansels hawwe wy, om it op twa CD's hâlde te kinnen, in kar meitsje moatten. Foaral it weilitte moatten fan hiele parten fan meardielige stikken wie betiden hertsearich om dochs in bytsje in folslein oersjoch jaan te kinnen koe it lykwols net oars. Wy hoopje dat de harkers, troch al dy beswieren hinne, hearre kinne mei hoefolle spylnocht en entósiasme wy al dy jierren wurke hawwe en, lyk as wy, genietsje sille fan dit histoarysk dokumint.
|
|
|
Ús jubileum-dûbel-CD "50 Jier Brouwer's Akkordeonorkest" kinne jo bestelle troch 22,50 Euro (ynkl. ferstjoerkosten) oer te meitsjen op banknûmer 12 75 93 691 o.n.v. F. van der Schuit-Verra, inzake Brouwer's Akkordeonorkest, Ljouwert, û.f.f. "CD BAO 50" en dit teffens te melden via e-mail oan sip.kampstra@home.nl of tillefoanysk: 0515-415948.
|
|
Fan ús CD's "Folksmuzyksuites" en "The Accordion Music of Jacob de Haan" is noch in beheinde foarrie beskikber. Jo kinne dizze CD's fansels ek bestelle (salang't der foarrie is!) de priis per stik is 12,50Euro , yn kombinaasje 20,00 Euro (yn beide gefallen ekskl. de ferstjoerkosten fan 2,50 Euro).
Wy soargje foar in rappe en korrekte tastjoering! |