BROUWER'S AKKORDEONORKEST FIERT 50-jierrich jubileum 


Op 23 april 2005 fierde Brouwer's Akkordeonorkest syn 50-jierrich bestean mei in réuny en in jubileumkonsert yn Teâter Romein te Ljouwert. Mei âld-leden, noegen en fierdere belangstellenden (in útferkocht hûs) waard it feit betocht dat 50 jier lyn de bekende muzykpedagooch Marten Brouwer út Gytsjerk de bêste leden fan al syn orkesten selektearre, oanfolle mei guon fan syn bêste learlingen, en dêrút it "Skoalorkest fan Brouwer's Muzykskoalle" gearstalde. By syn fierste betide ferstjerren yn 1963 droech er de lieding fan it orkest oer oan de hjoeddeiske dirigint, Johan de With, en waard it orkest omdope ta "Brouwer's Akkordeonorkest". 


It jubileumfeest waard om 17.30 oere iepene mei in réuny fan âld-leden. In wersjen fan, betiden hiel âlde, bekenden. De foarsitter koe ûnder oaren, ûnder grutte byfal, frou H. Brouwer begroetsje as earegast fan it jubileumfeest. Gâns âlde ferhalen waarden ophelle, stipe troch in wiidweidige eksposysje yn de kuiergongen fan foto's, knipsels, programma's, posters en oare dokuminten út it ferline. In digitalisearre film út de begjinjierren fan de muzykskoalle en fan de earste Skoalorkest- repetysjes wie dêrby in objekt mei grutte oanlûkingskrêft. Hiele kloften ferkrongen elkoar foar de TV en it feest fan werkenning en oantinkens wie in feit. It koste sels wat muoite om de entosiaste mannichte te bewegen it teáterkafé wer op te sykjen dêr't in hearlik waarm en kâld buffet optsjinne stie. It geduld fan de roppigen waard lykwols noch efkes op'e proef steld want earst waard it orkestlid fan de earste oere, Aukje Brouwer (ja, de dochter fan!) huldige mei in oarkonde en in blomke as blyk fan wurdearring foar 50 jier trou lidmaatskip. Dêrnei lieten de oanwèzigen har de hapkes wakker smeitsje. Om 19.30 oere lutsen de leden fan it orkest har werom om har ta te rieden op it konsert. 


It konsertprogramma bestie - fansels - út in hiel ôfwikseljende kar út 50 jier rippertwaar en it opteine publyk liet nei elk nûmer blike dat tige te wurdearjen. De meiwurking fan de solisten wie dêrby fan grut belang. Inez Timmer (de yn Dútslân romrofte musical- en jazz-sjongster), Welmoed Fearsma (de Frysktalige-folk -sjongster) en de fioeliste Lysette Lever ferrasken it publyk, elk op har eigen wize, mei har bydragen, Útsoarte altiten mei begelieding fan it orkest. En sa waard it tradysjonele, eigen rippertwaar (Neapolitanisches Ständchen fan Gerhard Winkler, Intermezzo en Tarantella út de Ballett-Suite fan Hans Brehme, Tango Nuevo fan Hotze Jelsma, Pjetsjálnye mjetsjtý út de Kámernaja sjoeíta fan Vládislav Zolotarjów, Sigeuner-suite (arr. Johan de With), Djétskaja sjoeíta nr. 5 fan Zolotarjów, Ôfskie fan de nonnen fan Hotze Jelsma en de Makedonyske suite nr. 2 (arr. Johan de With) ôfwiksele mei de weemoedige Bosnyske sang fan Welmoed yn Ah meraka (&ucutet Tri bosanske sevdálinke), de (troch harsels skreaune) spetterjende Fryske Samba troch Inez,it firtuoaze fioelespul fan Lysette yn Arvo Pärt's Fratres en in duet fan de twa sjongsters yn Doarmje (út In Fries yn'e Balkan fan Johan de With). 


Yn'e rin fan dit programma wie der noch tiid foar in tal bisûndere barrens. De nije, histoaryske dûbel -CD "50 jier Brouwer's Akkordeonorkest" waard grutsk presentearre. It earste eksimplaar waard oanbean oan frou Brouwer. Johan de With en Aukje Brouwer waarden tasprutsen troch de hear Joop van Strien, dy't út namme fan de NOVAM oarkonden oerhandige, resp. as lid fan fertsjinste en earelid, en foar it jubilearjende orkest ek noch in ferrassing yn petto hie yn de foarm fan in weardebon. Oan it slot fan it konsert wie der noch in apotheose: troch boargemaster Aalberts fan Dantumadiel waarden oan Johan de With de fersierings fan Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau oerlange. In minutenlange ovaasje koe er dêrnei yn'e mjitte nimme. De tajefte, de mars Sonnenfunken fan Curt Herold (yn de begjinjierren fan it orkest it fêste begjinstik) wie dan ek foar him, mar wis ek foar ús allegearre, in emoasjoneel momint. 


Nei't de gasten ôfstutsen wiene, wie der noch tiid foar in koarte neisit: yn it kafé waard neipraat, by it genietsjen fan in wolfertsjinne drankje en in buorrelhapke. Mei in gefoel fan tefredenheid sjogge wy werom op in tige slagge jubileumfiering.